Frysk Nederlands Feddema Recreatie Service

Hierfoarwearden

Toerkaravans
De karavans binne fan ferskillende merken. Alle toerkaravans beskikke oer in : kachel, kuolkast, húske/waskromte, reservetsjil, 1 gasflesse, 10 meter oanslútkabel, foartinte (2,5 meter djip, folslein útstrekber) of skoluifel, opstapke en in skjinwettertank.

Fersekering
Kasko fersekering is by de hierpriis yn begrepen.
It eigen risiko is 400 euro it gefal.

Fereaske dokuminten
By it ôfhealjen fan de karavan moatte jo it folgjende oerlizzekinne:
  • In (ANWB)ynternasjonale Reis en kredytbrief mei in oanhingersupplemint of in soartgelikens dokumint.
  • It kentekenbewiis fan it lûkende fiertúch en de griene kaart (AF)
  • In jildich Nederlânsk riidbewiis B of BE.

    Reservearrings

    Reservearje kinne jo telefoanysk of oer de webside dwaan, dan krije jo in dielfaktuer en in befêstiging tastjoerd.
    Hierprizen binne foar in wike fan sneon o/m sneon as wy net oars ôfprate.

    Boarchsom
    Dêr dogge wy net oan! Of wy moatte oars ôfpraat hawwe.

    It beteljen
    De earste termyn wurdt fuort nei it boeken betelle. De twadde termyn wolle wy úterlik 30 dagen foar it begjin fan de hierperioade by ús yn 'e ponge hawwe. (Boarchsommen wurde fuort nei de hierperioade automatysk wer op jo rekken weromstoarten.) By it weromstoarten wurdt in wachtperioade yn acht nommen fan 4 wike y.f.m. mooglike ferkearsoertrêdings.

    Wêr moatte jo sels foar soargje
    In reisfersekering; foar nei it bûtelân de ANWB Reis en kredytbrief mei oanhingerssupplemint.
    Jo sille ek sels foar in annulearringsfersekering soargje moatte

    It ôfheljen/ynleverjen
    It ôfheljen en ynleverjen fan de toerkaravan dogge wy op sneon: skjin ynleverje foar 09.30 oere en ôfhelje nei 11.30 oere as wy net oars ôfpraat hawwe. Wannear't de karavan te let ynlevere wurdt sille wy € 100,- ekstra yn rekken bringe.


    Goed himmelje
    De karavan moet goed skjin ôflevere wurde oars moatte wy dêr de folgjende kosten foar yn rekken bringe:
  • It himmeljen fan de binnekant: € 100,-
  • It himmeljen fan it húske: € 75,-

    Restitúsje
    Foar hierdagen dat jo de karavan net brûke koenen wurdt gjin restitúsje ferleind.

    Kalamiteiten
    Dy moatte fuortdaliks meld wurde oan de ferhierder; de folgjende hierder(s) sil(le) as dat needsaaklik is- in soartgelikense karavan oanbean wurde.
    As jo ûnderweis dochs maleur of in steuring krije dy't mear as € 100,- kostje moat, moatte jo altyd earst efkes kontakt opnimme mei de ferhierder foardat jo aksje ûndernimme.


  •  
    Equipo Automatisering