Frysk Nederlands Feddema Recreatie Service

Tips

Rydbewiis B of BE?

Rydbewiis B
Rydbewiis B jout it foech ta it bestjoeren fan in persoane-auto mei in oanhingwein dy't, ynklusyf it laadfermogen, net mear weaget as 750 kg. Yn guon gefallen meie jo, mei allinnich it B rydbewiis in swierdere oanhingwein as 750 kg. Ferfiere. Dat kin allinnich ûnder twa foarwearden:
De oanhingwein mei, ynklusyf it laadfermogen, net mear wage as de ledige massa fan it motorfiertúch dat de oanhingwein lûkt en de maksimum tastynge massa fan de folsleine kombinaasje mei net mear wêze as 3500 kg.

Rydbewiis BE
Mei it rydbewiis BE hawwe no net in beheining foar it gewicht fan de oanhingwein dy't jo lûke meie. Tink fansels wol om de technyske mooglikheden fan it lûkende motorfiertúch (maksimale trekheaklêst). Dy maksikale trekheaklêst stiet fermeld op jo kentekenbewiis. Ek it gewicht fan de totale kombinaasje is net fan belang. Dy mei mear as 3500kg. wêze. Allinnich foar it lûkende fiertúch jildt dat de maksimum massa net mear wêze mei as 3500 kg.
Yn de rydbewizen, dy't oant en mei 31 maaie 1996 ôfjûn binne, stean noch de begripen "ledig gewicht en ledig gewicht = laadvermogen". Sûnt 1juni 1996 hite dy begripen "ledige massa en toegestane maximum massa".

Mistachterljocht
Al ús karavans binne ferplichte foarsjoen fan in mistachterljocht. Tink der dêrom om dat jo auto de goede oanslutings en elektryske ynstallaasje hat.

Belade
In goed beladen karavan jout it foardiel fan in stabilere lizzing op 'e dyk.
Wêr moatte jo op lette:
  • lis swier guod op 'e flier, sa ticht mooglik op 'e as
  • triuw allinnich licht guod yn 'e dakkasten
  • ferdiel de bagaazje lykwichtich oer de bankkasten
  • set swier guod ûnderweis fêst, dan kin it net ferskowe
  • bergje net te swier guod yn in kop of einkeuken op
  • lit de wettertanks net fol as it net nedich is
  • tink derom dat de kûgeldruk (tikseldruk) net te heech wurdt mar ek net te leech (tikseltrek)

    Frachtweinen dy't ynhelje
    As jo yn 'e spegel in frachtwein oankommen sjogge, besykje dan alfêst safolle mooglik oan de rjochterkant fan de rydstrook te riden. By in frachtwein dy't ynhellet liket it wol as sûget er de karavan nei him ta.
    Fernimme jo it te let, stjoer dan stadich en lykmjittich fan de frachtwein ôf yn 'e rjochting fan de flechtstrook.

    Steile hellings
    Wol it fuortriden op in steile helling net sa bêst? In metoade dy't fertuten docht is de kombinaasje in lyts stikje achterút rôlje te litten, sa dat er skierret. Dêrnei jouwe jo gas oant de motor 300 toeren draait. Dêrnei litte jo de koppeling fluch opkomme. De earste meters sille de tsjillen fan de auto trochslaan. Net noflik fansels mar it sparret wol de koppeling fan jo auto.
    Meastal is it ferstannich de airko út te setten. Dat skeelt fermogen.

    Ôfdalings
    As jo fan de berch ôf ride lit dan de snelheid fan de auto net te heech oprinne. De karavan kin dan begjinne te slingerjen. It bêste is dat jo op 'e tiid weromskeakelje en wêr noadich in pear kear krêftich remje.
    Hâldt dêrby it rempedaal net te lang fêst. Oars rinne jo it gefaar dat de remmen waarm rinne. Yn it slimste gefal soenen jo dan hielendal net mear remje kinne.

    Slingerje
    Begjint jo karavan te slingerjen, ferheegje dan noait de snelheid. De iennige remeedzje is krêftich te remjen en it gas los litte. As dat slagge is ride jo mei wat minder gong wer fierder.
    Kontrolearje op it earstfolgjende parkearplak efkes de bannespanning, belading, kûgeldruk en pas dat wêr nedich oan.


  •  
    Equipo Automatisering