Frysk Nederlands Feddema Recreatie Service

Saakkundige service en ûnderhâld

Om noch langer wille te hâlden fan jo kostber besit, fersoargje wy foar jo al it foarkommende ûnderhâld en reparaasjes yn ús goed tariste wurkpleats.
Stilstân is achterútgong (efterútgong). Dat jild benammen foar in karavan. De fitale dielen (lykas remmen, skokdimpers, gasynstallaasje) kinne minder wurde, sûnder dat jo it fernimme. Krekt dêrom is in ûnderhâldsbeurt gjin oerstallige lúkse. Oan 'e hân fan in list mei fêststeande punten keure wy jo karavan en fersoargje wy ek it ûnderhâld. Reparaasjes fiere wy altyd út nei oerlis dêroer mei jo!
By in ûnderhâldsbeurt lette wy op:
  • It ûnderstel: û.o. keppeling, stabilisator. Skokdimpers, remmen, chassis, bannen
  • De opbou: û.o. sydrefelektoren, ôftichtings fan listen, doarren en rúten
  • Gas/elektra: û.o. gasynstallaasje, kachel, stopkontakten ierding, 12/220 systeem, kuolkast
  • Focht: wy dogge in algehiele fochtmjitting; by twifels kin in wiidweidige kontrôle útfierd wurde

Om te soargjen dat jo karavan noch mear oan jo winsken foldocht, soarje wy foar: in ferskaat oan ynbou en/of opbou fan servicelûken, skûtel-ynstallaasjes, karavanmovers, hordoarren, dakslûken, fytserekken of gewoan foar it moantearjen fan in ekstra laampke.


Tip:
Meitsje op 'e tiid in ôfspraak en genietsje ek fan soargeleas fakânsjeplezier!

 
Equipo Automatisering